GGZ: les oer misbrûk alkohol

Foto: Omrop Fryslân
De GGZ Fryslân jout foarljochting oan skoalbern oer misbrûk fan alkohol. Ferslaving oan drank komt by hieltyd jongere bern foar. De GGZ sjocht yn 'e klinyk foar Korsakovpasjinten mear en mear jongeren. Earder waard tocht dat ferskynsels fan 'e sykte ûnstienen trochdat minsken lang ferslaafd wiene. Underwilens is dúdlik wurden dat it by jonge minsken ek samar opkomme kin.
De earste foarljochtingsles hat al west op in middelbere skoalle yn Dokkum.