Smilde sponsort Olympia's Tour

11 maaie 2010 - 11:00

Smilde Foods is haadsponsor fan de Olympia's Tour 2010. Dat is in hurdfytswedstriid yn sân etappes. De Tour begjint op 17 maaie mei in prolooch foar it haadkantoar fan Smilde op It Hearrenfean.

Smilde Foods is in nije namme, ûntstien omdat de direksjes fan Fano Fine Food en Romi Smilfood fierder gean as ien organisaasje. It haadkantoar bliuwt op It Hearrenfean. De produksjefestigings bliuwe op It Hearrenfean, yn Easterwâlde en Emmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)