Dronken brommerrider trapearre

11 maaie 2010 - 10:21

In brommerrider út Aldskoat (31) moast syn rydbewiis ynleverje foar dronken riden. Plysjes seagen him op 'e Nieuwstraat op It Hearrenfean. Hy en syn duopassazjier hiene gjin helm op.

De bestjoerder botste al slingerjend hast op in auto. De man moast mei nei it buro. Syn rydbewiis is yn beslach naam. De plysje hat syn gegevens trochjûn oan it CBR, omdat de man al faker mei te folle drank op trapearre is. It CBR besjocht oft er wol geskikt is om te bestjoeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)