Ferwûnen by auto-ûngelok

11 maaie 2010 - 10:05

Fanwege in ûngelok yn Nijbeets moat it ferkear rekken hâlden mei fertraging. Troch it ûngelok binne fjouwer minsken ferwûne rekke, neidat de auto dêr't se yn sieten yn 'e ûnderwâl telâne kommen wie.

Der binne fjouwer ambulânses ynset foar de helpferliening, omdat alle fjouwer slachtoffers pine yn 'e rêch hawwe. De Domela Nieuwenhuiswei is fanwege it ûngelok ôfset. Ferkear moat omride.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)