Ungelok op werf Barkmeijer
By skipswerf Barkmeijer yn Strobos is tiisdei in man ferwûne rekke by in fal yn in skipsrom. Hy foel troch noch ûnbekende oarsaak njoggen meter nei ûnderen ta. It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it sikehûs yn Grins brocht.
De arbeidsynspaksje stelt in ûndersyk yn nei it ûngelok op de skipswerf.