Gearwurking ynsammeljen klean

10 maaie 2010 - 22:00

It Leger des Heils en kringloopbedriuw Estafette fan Omrin wolle gearwurkje by it ynsammeljen en ferwurkjen fan klean en tekstyl. Beide organisaasjes sammelje klean yn yn konteners en mei help fan aksjes.

Troch de gearwurking kinne klean effisjinter ynsammele wurde en wurde kosten besparre. Estafette ferwachtet dan ek mear klean te krijen. Konteners mei in stikker fan it Leger des Heils smite 15% mear klean op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)