Barto bliuwt by de Hark. Boys

Martijn Barto (argyffoto)
Martijn Barto bliuwt by Harkemase Boys. De spits dy't dit seizoen 22 doelpunten makke foar de ploech fan trainer Henk de Jong stie yn de belangstelling fan SC Cambuur en FC Zwolle. Barto hat moandeitejûn foar de training syn beslút oan de seleksje ferteld. De nije topklasse en it goede gefoel dat hy hat by de Boys hawwe de trochslach jûn.
Boppedat soe in nije karriêre yn it betelle fuotbal net goed passe by it wurk fan de 25-jierrige oanfaller.