Yn de race foar songfestival

10 maaie 2010 - 21:49

Trije learlingen fan it Borneo College fan It Hearrenfean binne mei it liet 'De laatste keer' in stapke fierder op wei nei de finale fan it lanlik junioaresjongfestival. Anna Siet Algra fan Jobbegea en Zoë van Huit en Mirjam van der Zwan fan It Hearrenfean binne snein troch in sjuery yn Hilversum mei noch 87 oaren selektearre út 1500 gadingmakkers.

De famkes sitte yn de twadde klasse en hawwe de tekst en de muzyk sels skreaun.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)