Aansichtkaarten fuort

10 maaie 2010 - 20:58

Neeltje van der Wal fan Snits is op syk nei in man dy't op keninginnedei yn Ljouwert in album mei kaarten fan har kocht hat. It giet om in boek mei âlde printekaarten fan Grou. By fersin siet der ek in los blêd yn mei kaarten dy't der net by hearre. Dat blêd wol frou Van der Wal graach werom hawwe, omdat it fan har mem is.

It album soe kocht wêze troch in âldere Grouster mei in bril. Mooglik sit er yn de tsjerkerie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)