Toerfalken te sjen by sintrale

10 maaie 2010 - 20:26

Fia twa webcams kinne fûgelleafhawwers genietsje fan in pearke toerfalken dat briedt yn in nêstkast oan de elektrisiteitssintrale fan Electrabel oan 'e Burgumermar by Burgum. De webcams binne pleatst yn it ramt fan de kampanje 'Rôffûgels yn byld' fan de Fryske Miljeu Federaasje en it IVN.

Healwei april hat it wyfke it earste aai lein. No sit se te brieden op fjouwer aaien. Mei de webcams op www.roofvogelsinbeeld.nl kin de beide toerfalken dei en nacht folge wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)