Pieter Weening yn top 10

10 maaie 2010 - 17:53

Pieter Weening stiet nei de trije etappes fan de Ronde fan Italië yn Nederlân op in kreas tsiende plak yn it algemien klassemint. Yn de etappe fan moandei oer 224 km fan Amsterdam nei Middelburg siet Weening yn de earste groep. Troch falpartijen en de wyn rekke it peloton yn stikken.

Sa ferlear Bradley Wiggens, de winner fan de prolooch, sa'n fjouwer minuten. Ek Cadel Evens en Carlos Sastre rûnen skea op. De hurdfytsers sette no ôf nei Italië. Woansdei wurdt wer fytst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)