Flyers en coach útelkoar

10 maaie 2010 - 15:48

IIshockeyklup Hajé Flyers en coach Dave Hyrsky sille net mear meielkoar fierder. It bestjoer fan de Flyers is net tefreden oer it funksjonearjen fan de Kanadeeske trainer. Neffens it bestjoer binne de prestaasjes te min en is de begelieding fan de bûtenlânske spilers net goed. Hyrsky soe de bûtenlânske spilers te frij litte.

De Flyers binne no dwaande om in CTO-status te ferkrijen. Dêr moat de nije trainer ek bypasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)