Mear thússoarch ferslaafden

Ferslaafden wurde tenei folle faker thús behannele. Ferslafingssoarch Noard-Nederlân hat dêrfoar spesjale teams opset dy't by de minsken del geane. Yn de teams sitte ûnder oaren in psycholooch, in dokter en in ferpleechkundige.
Troch de minsken thús te behanneljen hoege se folle minder gau yn in klinyk opnaam te wurden. Ek wurdt de drompel foar in ôfspraak mei bygelyks de psycholooch folle leger.