Gjin maklik seizoen Cambuur

Cambuur-direkteur Alex Pama
It seizoen foar fuotbalklup SC Cambuur sit derop. Snein slaggen de mannen fan Stanley Menzo der net yn de finale fan de play-offs te berikken. Foar Cambuur wie it gjin maklik seizoen.
As earste wiene der de neiweeën fan de rellen fan de foarige play-offs tsjin Roda JC. Ek moast der hurd wurke wurde om de saak finansjeel goed draaiende te hâlden en wiene der wat tsjinslaggen by de winsk om in nij stadion te bouwen.