Proef Arriva OV-chipkaart

Arriva begjint yn Fryslân mei in proef om de OV-chipkaart-apparatuer foar de trein te testen. Dat bart op de treinstasjons tusken Ljouwert en Bûtenpost. Foar de test is in groep minsken frege dy't de kaart twa moanne lang úttest. De OV-chipkaart kin no noch net yn de trein brûkt wurde.
By de test wurdt ûnder oaren sjoen nei de priis en de registraasje fan de reizen. De ynformaasje dy't dat opsmyt moat helpe by in soepele ynfiering fan de OV-chipkaart yn de Arriva-treinen .