MCL en Tjongerschans by-elkoar

10 maaie 2010 - 09:58

Sikehûs MCL yn Ljouwert en De Tjongerschans op It Hearrenfean wurde ûnderbrocht yn ien bedriuw. Dat wolle de rieden fan bestjoer. Beide sikehuzen hawwe al in gearwurking en dat sil no yntinsiver wurde. De beide sikehuzen hâlde wol har eigen namme en identiteit.

De rieden fan bestjoer sjogge foaral foardiel by de ûndersteundende tsjinsten. It personiel moat him der noch oer útsprekke. De nije struktuer moat op 1 jannewaris 2011 yngean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)