Twa deaden ûngelok Britswert

Op de Froonackerdyk by de ôfslach Britswert binne sneintejûn twa minsken omkaam. It giet om in 33-jierrige man út de Westhoek en in 44-jierrige frou út Frjentsjer. De trije oare ynsitters fan de auto rekken swier ferwûne.
De auto fan de slachtoffers kaam út de rjochting fan Wiuwert en helle in rychje stadich ridende auto's yn. De foarste auto sloech lykwols ôf en dêrtroch moast de ynheljende auto útwike en bedarre dêrby tsjin in daam yn de sleat.