Tolsma wint keatsen Frjentsjer

09 maaie 2010 - 17:21

It partoer fan Hendrik_Tolsma hat snein de frije formaasjepartij yn Frjentsjer wûn. Tolsma stie mei Herman Sprik en Johannes Boersma yn de finale tsjin it partoer fan Gert-Anne van der Bos mei Folkert van der Wei en Daniël Iseger. Mei alles oan de hang, 5-5 en 6-6, koe opslagger Hendrik Tolsma de keats behâlde. Hy is ek útroppen ta kening.

De lytse preemje wie foar it partoer fan Rutmer van der Meer mei Renze Pieter Hiemstra en Taeke Triemstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)