Snitser byt oare stappers

09 maaie 2010 - 13:57

De plysje hat sneontenacht in Snitser (18) oanhâlden. Surveillearjende plysjes waarden oansprutsen troch in befeiligingsmeiwurker fan in hoarekagelegenheid yn de Lytse Tsjerkestrjitte. It personiel hie in jonge oanhâlden nei't er in pear besikers biten hie.

De plysje hat de jonge oppakt. Hy wie net mear oansprekber. Hy is meinaam nei it buro foar ferhoar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)