Auto stellen yn Eanjum

09 maaie 2010 - 13:49

Yn Eanjum is sneontejûn in auto stellen. De eigner (20) fan Eanjum sette de wein oan de Mounebuorren. Hy die de auto net op slot en fergeat de kaai mei te nimmen. Doe't er sneintemoarn om in oere as trije by de auto kaam, wie dy fuort.

It giet om in blauwe Opel Corsa mei kenteken 31-JR-PH. De plysje siket tsjûgen. Dat kin mei telefoannûmer 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)