UPC wurket oan netwurk

09 maaie 2010 - 10:36

Kabelbedriuw UPC warskôget op syn webside foar de gefolgen fan de oanpassings dy't moandeitenacht oan it digitale netwurk dien wurde. Troch dy oanpassings bliuwt it byldskerm mooglik swart of kin de meidieling 'geen signaal' ferskine.

UPC jout op de webside tips oer hoe't it probleem oplost wurde kin. By de oanpassings krijt ûnder oare in tal stjoerders in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)