Weening rydt goede prolooch

Pieter Weening hat in goede prolooch riden fan de 93ste Ronde fan Italië. De hurdfytser fan De Harkema liet sjen dat tiidriden hieltyd better by him past. Nei 8,4 kilometer troch Amsterdam einige Weening as 32ste. Hy die er 21 sekonden langer oer as de Britske winner Bradley Wiggens.
De kommende twa dagen binne de etappes fan de Giro noch yn Nederlân. Dêrnei reizget it hurdfytssirkus nei Italië. De Ronde fan Italië duorret trije wike.