Arisspilers yn Oranjeteam

08 maaie 2010 - 17:37

Twa spilers fan De Friesland Aris binne selektearre foar it Nederlânsk basketballteam. It giet om Sam Jones en Jeroen van der List. It giet om in groep spilers wêrfan't noch minsken ôffalle moatte.

Yn july binne trainingen sadat de bûnscoach Kedar mei elk yn de kunde komme kin. Fan de 28 spilers dy't no yn de seleksje sitte, bliuwe úteinlik 16 oer. It team moat spylje foar Oranje Fever dat yn augustus begjint. Doel is om yn de A-divyzje te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)