Boys spylje lyk yn Staphorst

Sneonshaadklasser Harkemase_Boys hat yn de lêste wedstriid fan de kompetysje mei 2-2 lykspile yn en tsjin Staphorst. De Harkiten kamen al rap op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Martijn Barto. Noch foar it skoft makke Staphorst de lykmakker. Yn de twadde helte waard it 2-1 foar de thúsploech. Oebele Schokker soarge foar de 2-2.
Harkemase Boys is twad wurden mei 51 punten út 26 wedstriden. Excelsior '31 út Rijssen is kampioen wurden.