Krityk op kolleezje B'him

De fraksjes yn de ried fan Boarnsterhim wolle dat de gemeente minder besunigje sil op subsydzjes foar sport, muzykkorpsen en de biblioteek. Der kin neffens de fraksjes wol mear besunige wurde op oare saken lykas rekkenkeamer, kommunikaasje en muzykûnderwiis.
De gemeente moat fan 2010 oant 2015 4,8 miljoen euro besunigje. It kolleezje hat foarstellen dien. In diel derfan sil oanpast wurde moatte. De ried praat der tiisdei oer.