Iepen dei by KNRM
De KNRM hie sneon syn jierlikse rêdingsboatedei. Rûnom yn Nederlân, lykas yn Harns, koene minsken sjen wat de KNRM krekt docht of meifarre op in boat. Ek waarden nije donateurs socht. De rêdingsmaatskippij krijt gjin subsydzje en is ôfhinklik fan jeften.
De KNRM fiert dit jier syn 185- jierrich bestean. It tal útrukken nimt de lêste jierren ta.