Nije boarrings by Amelân

De NAM sil fan heal maaie ôf in nije boarring útfiere nei gas yn de Noardsee. De boarring sil plakfine fan in tydlik boarplatfoarm oan de noardkant fan Amelân. Der wurkje sa'n 100 meiwurkers op it platfoarm. De wurksumheden duorje oant oktober.
De NAM wint al 25 jier gas út twa fjilden by It Amelân. In grut part fan de foarried is wûn. De nije boarring is bedoeld om fjilden op 3,5 kilometer djipte te berikken. Der sit sa'n miljard kubike meter gas.