Stellerij Boalsert en Ljouwert

Yn Boalsert is freedtenacht yn in winkel ynbrutsen. De ynbrekkers kamen binnen troch in etalaazjerút te fernielen. Der binne sieraden meinaam. Tsjûgen dy't op it leven ôfkamen, seagen fjouwer jonges fuortrinnen. De plysje koe de dieders net fine.
In winkeldief (67) út Ljouwert is freed pakt. Meiwurkers fan in winkel oan it Cambuurplein trappearren him mei stellen guod. Fia Burgernet waard it kenteken fan syn auto bekend en koe de plysje him thús oppakke.