De Jong: bedrach kloppet net

Filmprodusint Klaas_de_Jong is net benaud foar de rjochtsaak tsjin him. In autoferhierbedriuw yn Ammerzoden hat de rjochtsaak oanspand.
Eigner Fliervoet hat fia de rjochter beslach lizze litten op de bankrekkens fan de film De_Hel_van_'63 fan De Jong. Ek is beslach lein op alle jilden dy't it filmfûns noch útbetelje moast oan De Hel van '63. Fliervoet levere auto's foar ferfier fan de akteurs. It soe om 40.000 euro gean, mar dat kloppet neffens de Jong net.