Advertinsje foar wethâlders

08 maaie 2010 - 12:46

De koalysjepartijen yn Harns ha sneon in advertinsje yn 'e kranten set foar it finen fan twa nije wethâlders. De wethâlders moatte fan de partijen D66, GrienLinks, de SP, Harnzer Belang en Frisse Wind de boarger tichterby de polityk bringe. Fernijing fan de bestjoerskultuer stiet foarop.

De partijen hoopje dat de proseduere sa koart mooglik duorret. Mei fiif koalysjepartijen hat Harns in unike sitewaasje, sa sizze de partijen sels yn de advertinsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)