'Adoptearje in beam'

08 maaie 2010 - 12:41

Bewenners fan Huizum-West kinne in beam en it stik grûn dêr't er op stiet adoptearje. De Ljouwerters wurde ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan de beam. Se romje ôffal en túch op en jouwe de beam wetter. Wa't meidocht, krijt in koartingsbon fan de gemeente.

Wethâlder Thea Koster hat de earste bon sneon útrikt oan frou Dechesne. It projekt is betocht troch Albert Hahn yn it ramt fan it projekt 'wykidee'. Doel fan it wykidee is om de leefberheid te stimulearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)