Amper wyn: drege Briorace

De dielnimmers oan de Briosylrace hawwe sneon in drege tocht. Der stiet amper wyn dus moatte der oare wizen brûkt wurde om foarút te kommen. Dêrby mei de motor net ynset wurde. De Briorace wurdt foar de 23e kear hâlden.
De dielnimmers binne om sân oere yn Terherne begûn en moatte nei in tocht fan op syn meast tolve oeren troch de Súdwesthoeke dêr ek wer einigje. Oan de race dogge 150 skippen mei, dat is it maksimum.