Wer reklame op muorre yn Harns

07 maaie 2010 - 21:50

De Cultuur Historische Vereniging Oud Harlingen is drok dwaande om âlde reklameskilderingen op muorren werom te heljen. Se binne noch op âlde ansichtkaarten te sjen, mar yn 't echt binne de skilderijen jierren ferlyn al fuorthelle of oerskildere.

Der binne al in stik of acht skilderijen yn eare hersteld en freed waard foar it earst in boerd fan in sigareboer ophongen. De winkel is der al lang net mear, mar de skroeven sieten noch wol yn de muorre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)