Brân op binnenfeartskip

07 maaie 2010 - 20:06

Der hat freedtemiddei koarte tiid brân west op in binnenfeartskip by De Lemmer. De brân yn it skip ûntstie troch in noch ûnbekende oarsaak yn de masinekeamer.

Sawol de rêdingsboat fan Urk as dy fan De Lemmer kamen op de melding ôf. Ek wie der help fan in plysjeboat en in sleepboat. De brân koe gau útmakke wurde, de twa minsken dy't op it stuit fan de brân oan board wiene, mankearret neat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)