Swart op tsjinstreis nei Saba

07 maaie 2010 - 17:03
  • Der binne ek wol in pear ferskillen tusken Saba en Skier...

Boargemaster Bert Swart fan Skiermûntseach is op dit stuit op tsjinstreis op Saba en Sint Eustatius. Hy makket de reis út namme fan de Waadeilannen en moat der ûnderfinings útwikselje mei bestjoerders op it eilân. Saba en Skier hawwe oerienkomsten. It ynwennertal is hast gelyk en de eilannen binne isolearre en hawwe in grut natoergebiet. Swart wol fral kennis útwikselje op it mêd fan finansjes en soarch. Woansdei reizget hy werom nei syn eigen eilân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)