Nije jiskewein D'diel te breed

De jiske-auto fan 'e gemeente kin net yn de Keapmanswei komme
Bewenners fan de Keapmanswei yn De Westereen binne lulk op de gemeente. De nije jiskeweinen kinne net mear de strjitte yn omdat dizze te smel is. Hjirtroch moatte guon bewenners wol 400 meter meter mei de kontener rinne. De sitewaasje is ûntstien neidat Dantumadiel en Dongeradiel in nije gemeentlike jiskewein krigen ha. Dizze hat in automatyske griper en hat mear romte nedich om de konteners te pakken. Riedslid Postma fynt dit ûnakseptabel.