Debat oer CO2 yn gasfjilden

07 maaie 2010 - 16:12

De noardlike enerzjysektor wol in maatskiplik debat begjinne oer CO2-opslach yn lege gasfjilden. Binnen trije wiken komt it ryk mei in koarte list fan mooglik geskikte gasfjilden.

Of dêr ek Fryske gasfjilden by sitte is noch net bekend. As lokaasjes yn byld komme, moat der in sintraal ynformaasjepunt wêze foar foarljochting oer wat CO2-opslach betsjut. Dêrfoar is no de stifting Borg oprjochte troch de bedriuwen RWE, Nuon, Gasunie, NAM en NOM.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)