Stipe foar Sander syn flister

07 maaie 2010 - 13:31

CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe út Boalsert hat in moai súkses boekt. Der is in keamermearderheid foar syn plan om it gebrûk fan de saneamde flister foar helptsjinsten mooglik te meitsjen. De flister is in stjoerder dy't derfoar soarget dat autoradio's fan auto's op 'e dyk sachter set wurde as in helptsjinst mei loeiende sirenes oanriden komt. In proef mei dit apparaat is hâlden yn Fryslân.

Neffens De Rouwe binne sawol de helpferlieners as de autoriders posityf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)