'Meiwurkers bliid mei Beijers'

07 maaie 2010 - 11:30
  • Direkteur Beijers fan it sikehûs kin wer oan it wurk

De meiwurkers fan sikehûs Tjongerschans op it Hearrenfean binne bliid dat direkteur Beijers werom komt. Neffens in boarne dy't anonym bliuwe wol is Beijers tige populêr en kin er mei hast iderien goed oerwei.

Hy soe it sikehûs op in heger plan brocht hawwe benammen trochdat er takomstige ûntwikkelings goed yn de gaten hâldt. Goed seis wiken lyn waard Beijers ûntslein nei in konflikt mei de Ried fan Tafersjoch. Dat beslút is troch de kantonrjochter weromdraaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)