Gjin heechlanners nei Flylân

Der komme foarearst gjin Skotse heechlanners nei Flylân
Steatsboskbehear sjocht foarearst ôf fan it plan om tweintich Skotse heechlanners nei Flylân te bringen. Reden is de reboelje op it eilân oer it grutte stik natoer dêr't de bisten frette moatte soene. By it doarp is in grut stek delset en in soad eilanners binne dêr poer op tsjin.
De gemeente Flylân en Steatsboskbehear ha ôfpraat in 'ôfkuollingsperioade' yn te stellen oant yn elts gefal ien augustus. Salang wurdt it nije begrazingsgebiet net yn gebrûk nommen.