Brân yn Lekkumer boukontener

07 maaie 2010 - 10:32

Yn Lekkum is tongersdeitenacht in boukontener neist in wenhûs oan de Weeme yn brân stutsen. Doe't de plysje by it hûs kaam binne bewenners yn de buert warskôge om út har wenning te gean fanwege it fjoer en de reekûntwikkeling.

De brânwacht hat it fjoer útmakke, wêrnei't de bewenners wer werom koene nei harren hûs. De plysje sil ûndersyk dwaan nei de brânstifting yn de kontener mei bou-materiaal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)