Agrifirm en Cehave fusearje

De Nederlânske Mededingingsautoriteit NMA hat gjin beswier tsjin de fúzje tusken Agrifirm en Cehave Landbouwbelang. Neffens de NMA bliuwt der nei de fúzje genôch konkurrinsje oer op de keunstdongmerk.
De NMA woe earst ûndersyk dwaan nei de konkurrinsjeposysje. Te min konkurrinsje kin liede ta hegere prizen. Troch it ûndersyk hat de fúzje in pear moanne fertraging oprûn. Op 26 maaie stimme de leden oer it plan. De fúzje soe dan op 1 juny yngean kinne.