Ynbrekker slacht mei koevoet

07 maaie 2010 - 10:00

In man (51) fan Easterein is tongersdeitenacht ferwûne rekke doe't hy twa ynbrekkers tsjinhâlde woe. De man waard yn syn wente wekker fan it alaarm yn syn bedriuwsgebo. Doe't hy yn it gebou kaam rûn er twa manlju tsjin it liif. De eigner pakte ien fan de twa fêst. De oare ynbrekker seach kâns in koevoet te pakken en sloech de eigner dêrmei op syn holle. De man rekke dêrtroch ferwûne.

De twa dieven rûnen hurd fuort en binne fuortriden mei in auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)