Paad Warkum ticht foar hûnen

06 maaie 2010 - 19:46

De gemeente Nijefurd hat it Tillefonnepaed yn Warkum ôfsletten foar minsken mei hûnen. It paad is tige populêr by kuierders, sawol mei as sûnder hûnen. Ferline jier die de gemeente in oprop oan hûnebesitters om de bisten oan 'e line te hâlden en de hûnestront op te rêden. De hûnestront foarmet nammentlik in besmettingsgefaar foar de kij dy't dêr rinne. De oprop hat lykwols net genôch holpen en dêrom is it paad no hielendal sletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)