Bysûndere huzen yn St. Anne

De earste peal giet de grûn yn
Twa takomstige bewenners hawwe tongersdei de earste peal slein foar tolve nije hierwenten yn Sint Anne. De nijbou komt op it plak dêr't twa blokken karakteristike wenten stiene fan reade bakstien. Dy wiene net mear te renovearjen en binne dêrom sloopt. De âlde wenten hearden by it saneamde Rooie Dorp. De nije wenten wurde dêrom yn de styl fan dat reade doarp makke.
De huzen wurde boud troch de wenningstichting en moatte yn septimber klear wêze.