Earmoede ûnder tsjerkegongers

06 maaie 2010 - 12:36

Foar tsjerkegongers yn Haulerwyk, Waskemar en De Haule dy't ûnder de earmoedegrins libje, komt in meldpunt. Ut in enkête docht bliken dat fan de goed 600 leden 94 minsken dreech rûnkomme kinne. Ek joegen de minsken oan de se har skamje foar de situaasje.

De diakony fan de fiif tsjerken is skrokken fan de resultaten en set ekstra frijwilligers yn om de probleemgefallen op te spoaren en te helpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)