Kompjûtersteuring Snits

06 maaie 2010 - 12:24

De gemeente Snits is tongersdeitejûn ticht en tongersdei oerdei telefoanysk net goed te berikken. Ek wurkje de webside en it mailferkear net goed. Dat komt troch in steuring yn it kompjûtersysteem. Dêrtroch kinne der ek gjin nije rydbewizen en paspoarten oanfrege wurde.

Besocht wurdt om de steuring freed te ferhelpen. De balys fan de gemeente Snits binne tongersdei oant 4 oere iepen, mar ek dêr kinne minsken mar beheind holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)