Traumahely faak net brûkt

Traumahelikopters dy't oproppen wurde, wurde yn in tredde fan alle gefallen úteinlik net brûkt. It ambulânsepersoniel kin it dan sûnder de help fan it traumateam ôf. Lanlik leit dat persintaazje noch heger, dan rukt de traumahelikopter yn de helte fan alle gefallen foar neat út.
Neffens it UMCG sikehûs yn Grins wurde de helikopters yn it Noarden faker ynset as it net om trauma's giet. Ambulânses moatte faak fierder ride en de helikopter boekt dan tiidwinst.