Bedriuw ljochtmêst frijút

06 maaie 2010 - 11:24

It bedriuw dat de ljochtmêst levere hie dy't omfoel tidens in turngala yn Ljouwert, giet juridysk sjoen frijút. Op 14 maart foel yn sporthal It Kealledykje in grutte ljochtmêst om. Dêrby rekken twa minsken, in liedster en in famke fan fjouwer, slim ferwûne.

Ut ûndersyk troch de Arbeidsynspeksje hat bliken dien dat in boarchpin út de ljochtmêst lossketten is. Juridysk is dat it bedriuw, Pro Facilities út Drachten net oan te rekkenjen, sa is oardiele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)