Katalysators stellen
Ut in loads oan de Binnenwei yn Nijeholtpea binne woansdeitenacht 55 katalysators stellen. De ynbrekkers koene deryn komme troch in doar te fernielen.
De skea rint yn de tûzenen euro's. De dieders binne noch spoarleas. De technyske resjerzje docht spoare-ûndersyk.